Sa. Wy binne der. En no?
Mei in tiidsferskil fan njoggen oeren wie it wol eefkes wenne. Om 11:00 moarns hinne gienen wy de loft yn, en om 11:33 moarns kamen wy oan. Dat is wol eefkes skeakeljen; mar it bêste advys is dan om mar sa gau mooglik oan it nije ritme te wennen.
Earst moatte je lâns de border control. Dy moatte der foar soarchje dat net elkenien it lân yn kin, en skine noch wol streng te wêzen. De beste man wie gelokkich yn in goeie bui, frege my hoe lang it bleaf en hoefolle jild ik op ‘e rekken hie, en doe wie ik wolkom yn Portland. Wer in stimpel der by op it paspoart.

Kris helle my op by it fleanfjild, en brocht my nei myn appartemint, oan de NW Flanders Street, tichtby it sintrum. Al gau sieten wy op de Amearikaanse sneldyk, en dat is toch wol wer wat oars. Ûnderweis ha ik Wian noch belle; dy soe op bêd. En dat wylst by my de dei eins mar krekt begûn.



Doe’t wy in de stêd wienen, ha ik earst de kaai krigen fan it appartemint. Stephen en Thomas wienen ús al oan it opwachtsjen, en fol enthûsiasme krige ik in rûnlieding. Myn plakje foar de kommende trije moannen.

Reagearje