As je it oer Amearika ha, dan kinne je net om 1 ding hinne; iten. Net omdat it sa goed is; mar omdat Amearikanen der fan hâlde om in soad te iten, en net sokke hege easken stelle oan de kwaliteit.
It earste Amearikaanse miel
Op dei 1 begûn ik drekst goed. It wie lunchtiid, da’t Kris stelde foar om nei de McMenamins te gean; in lokale keten dy’t in soad kroegen en restaurants hat, mei elk in eigen identiteit mar wol mei itselde menu. En wat stiet der op it menû? Burgers!

Yn dit gefal mei ‘Tater Tots’ yn plak fan patat; in soartemei jirappelkroketten, dy’t pittich krûde binne. Dit wie wol ien fan de bettere burgers dy’t ik yn lange tiid hân haw.
Prizen
Dat Amearikanen net allegear like sûn libje, komt ek troch de prizen. Iten is hjir djoer, bynammen farsk en sûn iten. Dêr komt ek nochris by dat der yn ‘e horeka in fooi fan tenminste 20% ferwachte wurd; dogge je dat net, dan kin it personiel net rûn komme. Foar minsken yn ‘e horeka bestiet in grut diel fan it salaris dan ek út fooi. Dizze hamburger wie 17 dollar, mei in bierke fan 6 dollar der by sitte je dan al op 23 dollar (21,29 euro). En dan dy 20% fooi; dus it wurd der net goedkeaper op.
Yn ‘e supermerk is it net oars. Ik ha eefkes wat fan myn boadskippen op in rij set, en de prizen fan Jumbo fergeleken;
Produkt | Priis Amearika | Priis Jumbo |
500 gram gehakt | 9 dollar (8,71 euro) | 6,60 euro |
12 aaien | 7,50 dollar ( 7,26 euro) | 2,69 euro |
Liter Olijfolie | 14,49 dollar (14,02 euro) | 8,99 euro |
3 paprika’s (mix) | 4,99 dollar (jo begripe it no wol) | 1,95 euro |
Mar; in pakje Mac ‘n Cheese (macaroni mei tsiis saus), mei 3 porties, kostet 1 dollar. En dêr sit de tsiis by yn.
Better dan ferwachte
No bin ik wol in bytsje negatyf, mar ik moat sizze dat ik it qua sûnens better fyn dan ferwachte. Ik tocht, minsken binne hjir allegear fierstente grau, mar yn elts gefal yn dizze regio falt dat hiel erg ta. Minsken binne hjir wol aardich tûk; de Amearikanen wêr’t wy it bield fan krigen by ha komme bynammen út de omjouwingen lykas Texas.
Reagearje