Oregon stiet bekend om de moaie natoer. Disse snein, 9 febrewaris, wie it perfekt waar foar in moaie kuier; 8 graden (celsius), en wynstil. Binnen 10 minuten rinnen fan myn appartemint stean je yn it ‘Washington Park’. Geweldich om binnen sa’n koarte tiid fan in drokke stêd yn sa’n rêst en heuvelachtich gebied te wêzen.





Opfallend is dat Portland in Holocaust memorial hat. It ferhaal is dat in tal minsken dy’t de Holocaust oerlibbe ha, nei Amearika ta gien binne. De pine sit dan ek noch djip. Op it monument stiet it ferhaal, en binne stikken te lêzen út deiboeken fan ferskate minsken.
Dêrnei bin ik fjirder it park yn gien. Yn it park binne meardere rûtes (trails) dy’t je folgje kinne. It is bysûnder om yn sa’n koarte tiid, sa djip de natoer yn te wêzen.


















Nei goed 2 oeren kuierje, waard it tiid om mar wer op nei de stêd te rinnen. Fia in kuierbrêge kaam ik by in wyk op ‘e heuvel. Ek wol hiel bysûnder watfoar útsicht de gelokkichen hjir ha oer Portland.



Reagearje