It wie wer in moaie dei. Nei in wike mei aardich wat temperatuerferskillen (woansdei 28 graden mei tongerbuien, tongersdei 14 graden mei rein) wie hjoed in frij normale dei. In graad as 14 mei sinne, koe minder!

Ik hie hjoed ôfsprutsen mei David. David is de organisator fan de WordPress meetup yn Portland; in groep foar minsken dy’t mei WordPress wurkje, en dêr mei oaren oer prate wolle. Ik bin sels organisator fan de WordPress Meetup Fryslân, dus it koe net oars dan dat ik ek san groep op soe sykje. Foar wa’t it net wit; mei WordPress kinst websiden meitsje, lykas ek dizze blog mei WordPress makke is.

David wie yn elts gefal benijd nei myn ferhaal en wat ik hjir die, en stelde foar om ris ôf te praten. Hy hat ferskate bedriuwen hant yn Portland, sawol yn tech as yn oare saken. Ien fan syn bedriuwen, welke troch de koronakrisis faillyt gien is, wie in bedriuw dy’t ‘chocolate tours’ die in yn Portland. Sa kamen wy terjochte by Roste, in sûkelade-kafee yn de Pearl district, in kafee wêr’t alles draait om sûkelade. De eigner kaam ek noch eefkes mei David te praten, hy fertelde dat se alle sûkelade dêr yn it kafee meitsje.

Sûkelade, in ‘Mexican mocha’ en in heechnedich gleske wetter

Dit wie in hiele bysûndere erfaring. Ik tocht, waarme sûkelademolke ha ik wolris earder hân, mar dit wie earlik wier vloeibare sûkelade. Kâld wurde litte koe net, want dan soe it hurd wurde. Mar wat in smaak, ik ha noch nea soks hân.

We hienen eefkes praat, en op in gegeven momint gie de timer. David syn parkearmeter rûn ôf. Hy sei; hast fjirder ek noch wat te dwaan hjoed? Sil ik dy oars eefkes mei de stêd út nimme?

Dus sadwaande. David naam my mei nei de Columbia River Gorge. In vallei wêr’t de rivier Columbia trochhinne streamet, en wêr’t it fol sit fan de moaie plakken om te kuierjen. De ‘Historic Highway’ nimt je mei troch de heuvels, lâns de ferskate wetterfallen.


Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *