It foel my op dat ik yn it wykein net sa’n soad die. Neat op de planning, dus in bytsje yn myn appartemint rûnhingje. Doe’t David my ferline wike bûten de stêd meinaam, tocht ik; ik moat der echt eefkes op út.
De kust fan Oregon skynde hiel moai te wêzen, en foar ôfrune wykein wie der moai waar foarspeld. Dus ik bin op syk gien nei in hierauto; en doe kaam ik hiele moaie cabrio Ford Mustang tsjin, dy’t ek noch yn ‘e oanbieding wie (wintertaryf). Dit moast ‘m wurde! En it koe hast net better wurde; de eigners fan myn appartemint ha ek in húske oan de kust yn Lincoln City. Dêr wie fanne wike krekt ien út gien, en se hienen noch ien nedich om eefkes te sjen of alles yn ‘e oarder wie; dus ik ha ek noch 2 nachtsjes oan de kust sliepe kint.
Op sneon 5 april ha ik de Mustang ophelle, en bin ik rjochting de Oregon coast riden!

It bysûndere oan de kust fan Oregon is hoe rotsich it is. Dat komt troch in grutte ierdbeving yn jannewaris 1700; dy’t de kust foarme hat sa’t dy no is. Doe wennen der noch gjin kolonisten yn it gebiet; mar de dêrop folgjende tsunami yn Japan is goed fêstlein, en ek idianenlegendes bevestigje it ferhaal. De earste stop wie yn it wrâldferneamde Cannon Beach; in wrâldferneamd plak troch alle rotsen dy’t dêr yn it wetter steane. Bij Cannon Beach is in moai kuierpaad mei útsjoch nei in fjoertoer as einddoel



























Nei de stop yn Cannon Beach bin ik fjirder riden oer Highway 101. Ek dit is in bekende rûte, en ûndanks dat it in ‘highway’ is ek troch ferskate doarpkes en oare plakken giet. Ûnderweis binne der ek in soad mooglikheden om eefkes te stopjen, en it moaie útsicht te besjen.


It waard ûndertusken tiid om wat te iten. In eintsje riden fjirder kaam ik yn it fiskersplak Garibaldi oan. Hjir ha ik by de lokale fissaak in fish and chips helle.


Fjirder nei it húske yn Licoln City noch in pear stops makke by in pear moaie plakken. It waard yntusken al wat donkerder.



En sa kaam ik yn ‘e jûn út by Keel House, it húske oan ‘e kust. Net drekst oan it wetter, mar 2 ‘blocks’ fan ‘e see. Fanút de wenkeamer, dy’t boppe sit, kinst krekt moai de see sjen.

Reagearje