Earder hie ik al oer de djoere boadskippen. Ien oplossing dy’t Amearikanen dêrfoar ha; Costco.
Freedtejûn ha ik Tyler moete yn in bar bij in ‘Make Friends’ meetup, We hienen it even oer de ferskillen tusken Europa en Amearika, en sa kaam ek Costco ter sprake. Hy moast fan it wykein noch in ‘run’ dwaan, en frege oft ik mei woe. Net omdat ik boadskippen nedich hie, mar mear foar de ervaring. En in ervaring, dat wie it.
Costco is in Amearikaanse gruthannel dy’t produkten yn bulk oanbied tsijn lege prizen. Bynammen iten en drinken, mar fjirder ek tillefyzsjes, stofsûgers, tillefoans, túnartikelen en klean. Lykas de Makro, moast lid wurde. Dat kostet 65 dollar per jier, of 165 dollar per jier ast noch wat ekstra foardielen lykas ekstra koarting ha wolst. Oh ja, kinst der ek terjochte foar nije autobannen, benzine of in nije auto.

De hoeveelheden by Costco binne echt gigantysk. Alle produkten stean opstapele op pallets, en alles is allinich yn lytse hoefeelheden te krijen.




Sels ha ik natuerlik ek it ien en oar meinaam. Ûnder oare 4 kilo oan kipfilet foar mar 26 dollar (Omrekkene 6 euro de kilo), waskmiddel, sjips & wat oare dinkjes. De hin giet natuerlik de friezer yn.


Je hawwe in soad foar weinig, mar ik tink net dat je oer it algemien goedkeaper út binne: minsken keapje dingen dy’t se net nedich ha, gewoan mar omdat it goedkeap is. En as je te folle iten ha, dan ite je it mar op.
Alles by de Costco is dus eins makke om om minsken der hinne te lokken, en safolle mooglik te ferkeapjen. Benzine is goedkeaper as Costco lid, kinst op elk gangpaad wat te priuwen krije, en ast by de kassa west bist kinst ek nochris goedkeap in snack ite; foar $ 1,50 (€1,43) hast in hotdog mei frisdrank. En dat docht dan ek eltsenien noch eefkes.
It wie yn elts gefal in hiele erfaring, en bevestigt it byld wat we ha fan dat alles grut is yn Amearika.
Reagearje