Roadtrip – dei 2 & 3

Roadtrip – dei 2 & 3

It ferfolch fan myn wykein wie ek hiel bysûnder. Wer’t it op dei 1, sneon, prachtich waar wie mei 22 graden en sinne, wie it waar snein tige min mei in soad rein en wyn. Mar ja, binne der no toch, dus ik bin der mar op út gien. En eins hie it ek wol wat.

Earst ha ik wat boadskippen dien, en ha ik in broadsje helle. Ik hie net echt wat foar eagen, dus ik bin mar by Highway 101 del riden gien, rjochting it súden. Earst ha ik op in moai plak lâns de kant fan ‘e dyk stoppe om eefkes te iten.

Dêrnei bin ik fjirder gean riden. Eins is der elke 5 minuten wol in plak lâns de kant fan de dyk mei in oar prachtich útsjoch. Ik ha dus ek in soad stops makke yn it best koarte tiid.

Hjir wie in moai parkearplak, mei hast 180 graden útsjoch oer de baai en de Stille (Pacific) Oseaan. En in Tesla mei SpaceX logo en grut ‘SPCXFAN’ as kenteken – die sil net sa populér weze yn dit diel fan Amearika.

Fjirder ha ik ek ûngelooflik genoaten fan it autoriden sels. De diken binne prachtich, mei de ykoanyske giele strepen en bochten troch de heuvels en dyferske lânskippen; it iene momint ride je troch it bosk, en in pear mominten letter wer lâns de oseaan. En dat yn in Mustang mei in goeie 300 pk.

Hjir boppe hie ik eins in ‘ferkearde’ ôfslag naam, mar dat blike eins júst in hiele goeie kar te wêzen! Lâns dit lytsje dykje sieten in pear prachtiche plakjes; earst in wetterfal (de Rocky Creek Falls) mei in skildereftiche brêge, en fjirderop in bochtich dykje mei noch in pear moaie útsichten. En de mist joech it gehiel sa’n prachtich en surrealistysk effekt.

It einpunt fan dizze lytse tour lei hjoed yn it doarpke Otter Rock. Troch al dizze stops, hie ik hast 2 oeren dient oer in stikje fan mar 30 kilometer, mar wat ha ik in soad moaie dingen sjoen.

Otter Rock fan boppe it klif

Yn Otter Rock ha ik earst noch besocht om it strân te besykjen, mar it paad wie net hielendal mear yntakt.

As lêtste ha ik noch in bakje koffie helle by in parkearplak fjirderop – mar ek dêr bliek ek wer in hast moaier útsjoch te wêzen. It koe hast net better.

Doe wie it tiid om wer nei hûs ta te gean. Ik woe noch eefkes wat skoaldinkjes dwaan, foardat ik de jûns nei de lokale Pelican Brewing ta soe; in brouwerij mei in restaurant, en in oanrieder fan de ferhierders. Om in oere as healwei njoggenen wie ik dêr (ik fyn it noflik as it rêstich is), en oan de bar ha ik in lekkere hamburger hân en rekke ik oan de praat mei in pear oare reizigers, in frou dy’t allinich op paad wie en in man en frou út Texas.

De Texanen wienen hiel gesellich. De oare frou wie frij gau al nei hûs ta gien, mar sy noegen my út foar noch in (alkoholfrij) drankje yn in dive bar, om’t dizze ticht gie. In dive bar is in term foar in goedkeape bar, en Ryan sei tsjin my dat je earst nei it lúkse, kreaze restaurant ta gean, dan freegje je it personiel wêr’t sy nei wurktiid hinne gean en of it in bytsje feilich is. Tige gesellich hân (if you ever are in Texas, I want you to stay in our house!), en we ha noch lang oer fan alles en nochwat praat.

The Big One

De oare deis moast ik gewoan oan it wurk. Mar goed, as ik myn laptop ha, dan kin ik oeral wol wurkje. Yn ‘e middei ha ik noch in kuierke oer it strân dien. It foel my op dat oeral ‘tsunami danger zones’ oanjûn stiene. Nei skatting fynt der ûngefear eltes 300 tot 400 jier in gigantyske jierdskuodding pleats yn Oregon, hjir ek wol ‘the big one’ neamt. Nei in ierbeving by de oseaan, folget nammentlik in tsumami.

En toen bin ik wer nei Portland ta riden, om de Mustang en mysels wer thús te bringen!

oplus_262144

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *