Meetups

Allinich yn in oar lân. Hoe learje je dan minsken kinne? Meetups! Meetup.com is in platfoarm wêr’t minsken gearkomsten op organisearje; fia dêr ha ik dizze wike drekst 3 meetups dient.

Tongersdei 6 febrewaris wie ik bij de ‘Mix & Mingle’ meetup, bij de ‘Birdie Time Pub and Mini Golf’. In bar mei minigolf banen – bysunder mar leuk. Earst mei de bus it de rivier oer, en toen wie ik oan de ‘Eastside’ fan de stêd. By de ‘Mix and Mingle’ meetup ha ik mei in soad minsken praat, en uiteraard nog eefkes een rûntsje minigolft.

Op snein 9 febrewaris ha ik by de ‘Code & Coffee’ meetup west. Hjir kamen in groep mede-IT’ers op ôf, dy’t mei in bakje kofje mei harren projekt dwaande west binne.

Nei dy meetup woe in groepke noch lunch helje. Tichtby wie in plein mei in kafee, en allegearre foodtrucks.

Dêrnei, op sneon 15 febrewaris wat oars; in ‘potluck’. Yn Nederlân bekend as in Amerikaans feest; eltsenien nimt syn eigen iten mei. Ik hie it wol oan tiid, en woe wat lekkers meitsje dus ik ha in plaattaart mei sprútsjes en ricotta makke. Foel yn ‘e smaak, en wie as ienige hielendal op!


Ien reaksje op “Meetups”

  1. Gerrie Avatar
    Gerrie

    Douwe, bedankt foar dyn leuke ferslach. Binne we wer efkes op e hichte. Hjir is alles goed, we genietsje fan it moaie winterwaar.

Lit in reaksje efter foar Gerrie Reaksje tsjinhâlde

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *